Yn in wike tiid is der al goed 6.500 euro oan donaasjejild ophelle mei de kampanje 'Ik ben Wil'. Dizze kampanje jout omtinken oan de sykte fan Alzheimer en hat as doel om jild op te heljen foar trije lokale inisjativen yn Fryslân.
Alle donaasjes binne bedoeld foar trije plannen op it mêd fan deminsjesoarch. Sa komt der in belibbingstún by it Talma Hûs yn Feanwâlden, wurdt der in boattocht organisearre foar de bewenners fan De Waadwente yn Dokkum en komme der saneamde 'sinjalearringstrainings' yn hiel Fryslân om deminsje earder op te merken.
De namme fan de kampanje referearret nei Wil Vogt. Sy hat alzheimer en is it gesicht fan de kampanje.